Man bekent brân McDonalds

15 des 2005 - 08:17

In 26-jierrige man út Frjentsjer hat bekend dat er yn oktober de McDonalds by Goutum yn de brân stutsen hat. De plysje hat de man tiisdei yn syn hûs yn Frjentsjer oanhâlden.

Op bylden fan in bewakingskamera wie de auto fan de fertochte te sjen. Ek tsjûgeferklearrings brochten de Frentsjerter by de plysje yn byld. De man hie gjin gearhingjend ferhaal oer syn died. Der is gjin ferbân mei de brân by de Febo, fjouwer dagen letter.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)