Brosjuere oer boargerinisjatyf

15 des 2005 - 08:17
Foto: Omrop Fryslân

Op it provinsjehûs hat kommissaris Nijpels woansdei it earste eksimplaar fan in brosjuere oer boargerinisjatyf presinteard. Dêryn stiet hoe't de ynwenners fan Fryslân sels in bepaald ûnderwerp op de aginda fan de provinsjale steaten krije kinne.

It foarstel moat stipe wurde troch meiïnoar 1500 boargers. Nijpels soe it earste eksimplaar fan de brosjuere oanbiede oan in Fryske boarger, mar dy kaam net opdaagjen.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)