Provinsje set yn op ynternet
De provinsje stekt mear as twa ton yn it projekt Fryske internet exchange, de Fr-ix. Dat is in plak dêr't apparatuer stiet dy't al it dataferkear regelet en soarget foar rap ynternet.
Op de Fr-ix kinne bedriuwen en ynstellings lykas sikehuzen oansletten wurde. Dêrneist moat de sintrale yn de takomst de oare Fryske glêsfezelnetwurken mei-inoar ferbine. Alle Friezen kinne dan gebrûkmeitsje fan in rappe ynternetferbining.
Trefwurden:
argyf