Harmonie kostet hast 8 ton mear

© Omrop Fryslân
De gemeente Ljouwert hat de lêste fan fiif rjochtsaken oer de bou en oplevering fan de stêdskouboarch De Harmonie, no goed 10 jier lyn, ferlern. De útspraak bestjut dat Vermeer Bouw BV, doe oannimmer fan de nijbou fan de skouboarch, dochs rjocht hat op 775.000 euro fan de gemeente.
It skeel gie oer de fertraging by de oplevering fan it gebou. Der binne gjin juridyske mooglikheden foar de gemeente om de útspraak oan te fjochtsjen.