CWI Bûtenpost ticht

© Omrop Fryslân
De festiging fan it Centrum voor Werk en Inkomen yn Bûtenpost giet heal 2006 ticht. De tweintich personielsleden krije wurk by it CWI-kantoar yn Dokkum.
De festiging yn Bûtenpost giet ticht omdat ferwachte wurdt dat it tal wurkleazen yn Noardeast-Fryslân ôfnimme sil. Dêrneist wol it CWI effisjinter wurkje. Sa kinne wurkleazen har ek fia ynternet ynskriuwe. Yn Dokkum sit it CWI mei de sosjale tsjinst en útkearingsynstansje UWV yn ien gebou.