Ferwûne by ûntploffing fearboat
By in eksploazje op boat De Friesland fan rederij Doeksen is tiisdei de haadmasinist ferwûne rekke. In gastankje ûntplofte yn de masinekeamer. De oerfarder wie ûnderweis fan Harns nei Skylge en is weromfearn nei Harns.
In ambulânse hat de masinist nei it sikehûs yn Ljouwert brocht. Hy hie brânwûnen oan hannen en gesicht. Yn de masinekeamer wie fierder gjin skea. De fearboat koe mei wat fertraging opnij nei Skylge farre.
Trefwurden:
argyf