Lotsje foar hûs Surhústerfean

© Omrop Fryslân
Foar de nije wyk Fjouwerhústerwei yn Surhústerfean is safolle animo dat der lotte wurde moat. Potinsjele hûskeapers krije dizze wike berjocht oft se priis hawwe. In projektûntwikkelder is ein ferline moanne út ein set mei it ferkeapjen fan fjirtjin grutte hûzen.
By de startmanifestaasje wiene oer de trijehûndert persoanen. De nije wenwyk wurdt yn meardere dielen boud. Uteinlik is der plak foar 123 hûzen en 58 apparteminten.