Bliid mei ekstra jild fly-over

13 des 2005 - 17:42

Deputearre Baas is bliid mei it ekstra jild fan minister Peijs foar de fly-over by de rotonde fan De Jouwer. It Ryk stekt der 10 miljoen euro yn. Dêrmei is de finansiering sa goed as klear. Allinne foar de paralleldiken by de rotonde soene de provinsje en de gemeente Skarsterlân sels ekstra betelje moatte.

Meikoarten kin begûn wurde mei de bou fan de ferhege wei oer de rotonde hinne, sa seit deputearre Baas.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)