Klachten bûtenlânske studinten
De gemeente Ljouwert moat wat dwaan oan de wensitewaasje fan bûtenlânske studinten. Dat skriuwt it CDA yn Ljouwert oan wethâlder Sluiter.
Oanlieding is in klachtebrief fan de Bûtenlânske Studinteferiening fan de Noordelijke Hogeschool yn Ljouwert oan de kommisje stedsûntwikkeling. Dêr stiet ûnder oare yn dat de studinten fine dat se fierstente folle hier betelje moatte foar wat se derfoar weromkrije.
Trefwurden:
argyf