Tsjerke wol teater Dokkum keapje

13 des 2005 - 16:34
Foto: Omrop Fryslân

De gemeente Dongeradiel wol teater De IIsherberch yn Dokkum ferkeapje. Neffens wethâlder Oosterhof is it iepenhâlden fan in skouboarch net in gemeentlike taak. Boppedat foldocht it gebou net oan de easken.

De gemeente wol wol om oar plak foar in teater sykje, mar se wolle it teater net wer sels yn eigendom ha. De protestânske gemeente fan Dokkum, Ealsum en Wetsens wol de IIsherberch wol keapje.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)