Skoalproblemen Opsterlân foarby

13 des 2005 - 15:06

De gemeente Opsterlân set mei taart en blommen in punt achter de problemen by it iepenbier basisûnderwiis. Wethâlder De Boer bringt it tiisdei persoanlik by de sân skoallen del. Se krije mei yngong fan 1 jannewaris in eigen direkteur. B en W hawwe dy tiisdei offisjeel beneamd.

De ûnderwiisynspeksje skreau ferline jier in ferneatigjend rapport oer it ûnderwiis yn Opsterlân. Eigen direkteuren moatte it nivo opkrikke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)