Dieven plonderje fiskkream

© Omrop Fryslân
In fiskkream oan de Emmakade yn Ljouwert is by in ynbraak alhiel oeral helle. De ynbraak fûn plak tusken sneontejûn en moandeitemoarn. Meinommen binne in hânkompjûter, in dispenser foar ravigottesaus, in bak mei krûden en ferskate potten mei fisk en sûre hearring.
In 47-jierrige ynwenner fan Ljouwert hat oanjefte dien fan de ynbraak. De dieven hiene de doar fernield om deryn te kommen.