Ald-Stonesman komt yn Ljouwert
It eardere bandlid fan de Rolling Stones Bill Wyman komt begjin takom jier nei Ljouwert. Hy sil dêr optrede mei syn band de Rhythm Kings.
Wyman stapte begjin jierren njoggentich út de Rolling Stones, dêr't er doe al 30 jier by sitten hie. Yn 1997 rjochte er mei syn freon Terry Taylor de Rhythm Kings op. Mei dy band reizget er begjin jannewaris by in tal teaters yn Nederlân del. Hy docht ek Ljouwert oan.
Trefwurden:
argyf