Krityk Ploeg op ûndernimmers

13 des 2005 - 10:37

Deputearre Ploeg hat in protte oan te merken op de hâlding fan ûndernimmers yn de Westergosône. Dy moatte har oars opstelle om har doelen te berikken.

De ûndernimmers tusken Ljouwert en Harns moatte fan de stoel komme om de Westergo út it slop te lûken, seit Ploeg. Der lizze genôch kansen foar de Westergosône mar dan moatte de ûndernimmers har opstelle as in aksjegroep om har doelen te berikken en net mear fia besteande sirkwy's wurkje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)