VVD: mear dwaan oan wachtlisten

© Omrop Fryslân
De wachtlisten yn de jeugdsoarch moatte oanpakt wurde. Dat fynt de VVD yn de Steaten. Deputearre Steaten wolle dat de provinsje Fryslân foldocht oan it lanlik trochsneed wat de wachtlisten oangiet.
Dat is de VVD net goed genôch. De partij wol de wachtlisten hielendal fuortwurkje. Om de trije moanne moat der in oersjoch komme fan de stân fan saken. Provinsjale steaten prate woansdei oer de jeugdsoarch yn Fryslân.