'Utspraken Dales skandalich'

© Omrop Fryslân
De útspraken fan boargemaster Dales fan Ljouwert oer de jongeren binne skandalich. Dat sei direkteur Ate de Jong fan it sintrum Tûmba sneontejûn by de fiering fan it 25-jierrich bestean fan it COS, it sintrum foar ûntwikkelingsgearwurking Fryslân.
Dales sei dat jongeren mei sleauwe klean har gedrage as 'losers'. Neffens De Jong is soks net akseptabel om't je dêrmei de minsken ferdiele yn earste- en twaddeklas boargers.