Brân Holland Crop: 1,5 jier sel

12 des 2005 - 21:42

De rjochtbank yn Ljouwert hat de fertochte (19) fan de brân by Holland Crop yn Easternijtsjerk moandei feroardiele ta oardel jier selstraf en in healjier ûnder betingst. It grienteferwurkingsbedriuw baarnde yn juny fan dit jier folslein ôf.

Twa wike lyn wie der twa jier sel tsjin de jonge easke en in healjier ûnder betingst. De fertochte stie nei eigen sizzen ûnder ynfloed fan drank en drugs doe't hy it bedriuw yn de brân stuts.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)