Publyk jout Tresoar in acht

12 des 2005 - 16:55

Argyfynstelling Tresoar yn Ljouwert krijt in acht fan syn besikers. Dat docht bliken út in ûndersyk ûnder besikers fan Nederlânske argiven. Benammen de webside fan Tresoar wurdt goed wurdearre. Hieltyd mear minsken brûke ynternet om argiven yn te sjen.

Fierder falt op dat Tresoar in fariearder publyk lûkt as oare ynstellings. Boppedat wurdt Tresoar troch in jonger publyk besocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)