Flyers winne minne wedstriid

© Omrop Fryslân
IIshockeyploech Vadeko Flyers fan It Hearrenfean is de striid om it nasjonale kampioenskip net bêst út ein set. Pas yn overtime waard mei 3-2 fan Den Haach wûn, in ploech dy't as swakste yn de kompetysje stiet.
De ploech fan Brian de Bruyn eage net skerp en dêrneist wiene al de oanfalslinen troch inoar smiten. De Bruyn joech oan dat er in tal oanfallers wat rêst jaan woe. De perioadestannen wiene 0-0, 1-2 en 1-0.