Lykspul Sportklub Hearrenfean

11 des 2005 - 14:35

De Sportklub Hearrenfean spile sneontejûn mei 3-3 lyk tsjin Willem II. De 20.400 taskôgers wisten net wat se seagen. Nei in healoere stiene de Tilburgers - de nûmer foarlêst fan de earedivyzje - al mei 3-0 foar.

Krekt foar it skoft makke Arnold Bruggink de earste goal foar de Feansters. Spits Klaas Jan Huntelaar kaam nei it skoft yn it fjild. Mei twa doelpunten sette hy de einstân 3-3 op it boerd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)