Brûns foar ploech Stroetinga

11 des 2005 - 12:06
Foto: Omrop Fryslân

De efterfolgingsploech fan Nederlân mei baanhurdfytser Wim Stroetinga fan Aldeberkeap hat by de Wrâldbekerwedstriden yn Manchester it brûns wûn. Wim Stroetinga, Levi Heimans, Jens Mouris en Niki Terpstra wûnen de striid om it tredde plak fan Spanje.

De finale gong tusken Nij-Seelân en Ingelân. De ploech út Nij-Seelân ferovere it goud.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)