Hamburger kampioen by NK roeien
Sjoerd Hamburger fan Aldeberkeap is yn Amsterdam Nederlânsk kampioen wurden by it yndoor roeien yn de iepen klasse. Sjoerd wûn yn in tiid fan fiif minuten en 53 sekonden. Dat wie fjouwer sekonden rapper as de nûmer twa, Matthijs Vellenga.
Hamburger ferbettere hjirmei syn persoanlik rekord fan foarich jier mei ien sekonde.
Trefwurden:
argyf