Atsma hâldt op mei KNWU
Joop Atsma bliuwt noch fjouwer moanne oan as foarsitter fan de Keninklike Nederlandse Hurdfyts Unie. Dat hat er sneon op in kongres fan de Uny bekendmakke.
Atsma wie tolve jier foarsitter fan 'e KNWU. Hy fynt it tiid foar in opfolger. Njonken syn baan as Twadde-Keamerlid foar it CDA is de Surhústerfeanster sûnt september ek aktyf by de wrâldhurdfytsunie, de UCI. Dêr is er foarsitter fan de dykkommisje.
Trefwurden:
argyf