Sulver en goud foar Dekker

10 des 2005 - 15:01

Swimster Inge Dekker wie tige suksesfol op it EK Koartebaan yn Triëste. Op de 50 meter flinterslach helle Dekker in sulveren medaille. Se swom in nij persoanlik rekord fan 26,20. It wie foar Dekker har earste yndividuele medalje op in ynternasjonaal toernooi.

Op de 4x50 meter frije slach prolongearre Dekker mei Hinkelien Schreuder, Chantal Groot en Marleen Veldhuis harren titel. De froulju swommen in nij wrâldrekord fan 1.36,27.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)