Fertochte oerfal Drachten oppakt

© Omrop Fryslân
De jonge (16) dy't socht waard yn ferbân mei de oerfal op in winkel yn Drachten is freed oanhalden. De jonge wie op 19 novimber fuortrûn op begelaad ferlof yn Grins. Der siet hy in straf út foar in tal gewelddiedige saken. Hy siet opsletten yn it jeugddetinsjesintrum yn Feanhuzen. De oanhâlding fûn plak yn in wenning yn Drachten. Hy wie herkend fan in opspoaringsberjocht op radio en tillevyzje fan ôfrûne woansdei.