Natoermuseum krijt mosk net

10 des 2005 - 12:22

It fersyk fan it Frysk Natoermuseum om dochs de dominomosk nei Ljouwert te heljen makket gjin kâns. Dat hat it Iepenbier Ministearje witte litten. Freed waard bekendmakke dat de ferneamde mosk nei it Rotterdamske Natoermuseum gean sil.

It Frysk Natoermuseum hie lykwols ek frege om it bitsje. Hy soe eins yn Fryslân te sjen wêze moatte. It fersyk kaam foar it Iepenbier Ministearje lykwols te let.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)