Skipsdielen wer boppe wetter

© Omrop Fryslân
De berging fan de skipsdielen dy't tongersdei yn it Prinses Magrietkanaal by Burgum glieden, is sa goed as klear. Alle trije ûnderdielen lizze wer op it ponton en wurde dit wykein nei Harns brocht. Tongersdei ferlear in ponton, sis mar in grut plat ferfiersskip, trije stikken fan in kasko fan in skip.
Neffens ynspekteurs fan de provinsje hat oare skipfeart gien lêst hân fan de bergingsoperaasje. Wat de oarsaak fan it ûngefal west hat is noch net wis.