Mooglik nije aksjes branwacht

© Omrop Fryslân
De aksjes fan de brânwacht yn Ljouwert gean moandei gewoan fierder as der gjin nij oerlis komt mei de fakbûnen. Dat hawwe de brânwachten freedtemoarn ôfsprutsen nei in súksesfolle earste aksje. Der hawwe gjin ûngeregeldheden west en nei in oere ferkearsopûnthâld wie de aksje wer dien.
Boargemaster Dales hie oanjûn dat er net woe dat brânwachtauto's fan 'e gemeente brûkt waarden foar de aksje, mar hy hat de aksje net opkeard.