Seip bûten de seleksje

09 des 2005 - 19:33

Hearrenfeanspiler Marcel Seip is foar de wedstriid fan sneontejûn tsjin Willem II bûten de seleksje litten. Wat krekt de reden is fan it ûntbrekken fan de Grinzer wol hy sels noch net bekend meitsje. Wol makke hy dúdlik dat hy net blessearre is en dat hy perfoarst net op syk is nei in nije klub. It kontrakt fan de 23-jierige Grinzer rint wol nei dit jier ôf.

Ek trainer Gert Jan Verbeek wol neat kwyt oer de spiler.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)