Terschellinger Magazine werom

09 des 2005 - 16:05

It blêd 'Terschelling Magazine' komt opnij út. Utjouwerij Waddenmedia tinkt dat der genôch belangstelling is om it blêd wer op de merk te bringen. Oan de útjefte fan it blêd kaam ferline jier nei 15 jiergongen in ein. It blêd waard doe útjûn troch in oare útjouwerij.

Yn it 'Terschelling Magazine' wurdt yn tekst en foto's in byld jûn fan it eilân. De útjouwerij hat foar it blêd in nije redaksje gearstald. Pam van Vliet út Harns docht de haadredaksje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)