Gjin kryststâl op 'e Lemmer

© Omrop Fryslân
Der komt dit jier gjin libbene kryststâl yn it doarpssintrum fan de Lemmer. De ûndernimmersferiening hat dit besletten omdat it yn de ôfrûne jierren in tal kearen goed mis gie mei de libbene bisten yn de stâl. Jonge fandalen bekûgelen de bisten mei fjoerwurk en stiennen.
De feriening hat no besletten gjin stâl mear yn te rjochtsjen. It wolwêzen en it libben fan de bisten soenen dan op it spul komme te stean.