Wikseljende reaksje op aksjes

© Omrop Fryslân
Ferkearsdielnimmers hawwe freed wikseljend reagearre op de aksjes fan de Ljouwerter brânwacht. Mei it brânwachtmaterieel waard stadich riden op alle wichtige tagongsdiken nei de stêd om te protestearjen tsjin de nije CAO. De aksje soarge foar lange files.
In soad minsken hiene begryp foar de aksje, oaren reagearren lulk omdat se net op tiid op har ôfspraak kamen. Nei alle gedachten moatte minsken ek nije wike noch rekken hâlde mei aksjes.