Riedshûs Menaam wurdt opknapt

09 des 2005 - 13:57

It âlde gemeentehûs fan Menameradiel wurdt opknapt. It monumint fan architekt Romein út 1843 wurdt yn âlde styl werom brocht. Dat is te sjen op in sketsplan fan in architekt dat nije wike oan de rie foarlein wurdt.

Yn it plan ferhuzet de riedseal fan de earste etaazje nei ûnderen en wurdt folle grutter. Op de earste ferdjipping komme trije keamers foar de ferskate riedsfraksjes. De oanbou neist it monumint wurdt fuorthelle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)