'Goeie kwaliteit iishal Turijn'

09 des 2005 - 12:18

"De iisbaan en de iishal fan Turijn binne fan in goeie kwaliteit." Dat seit trainer Wopke de Vegt fan it BAM reedriidteam. De Vegt is op dit stuit yn Turijn foar de tariedingen fan de Wrâld Cup. Neffens De Vegt is it in moaie hal en is de kwaliteit fan de leechlânbaan te fergelykjen mei iisbanen as Thialf of Hamar.

Yn Turijn wurde fan 10 oant 26 febrewaris de Olympyske Winterspullen organisearre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)