Trije jier sel foar bankrôf

09 des 2005 - 11:15

Tsjin de trije Amsterdamske jonges dy't der fan fertocht wurde fan 't simmer yn Burgum in bank berôve ta hawwen is tongersdei trije jier sel easke. De jonges kamen fia in ynslein rút de bank yn en namen dik 60.000 euro mei.

Nei de rôf folge in wylde efterfolging troch de plysje mei snelheden fan mear as 160 kilometer yn de oere. Omdat de plysje de dyk by De Jouwer blokkearre hie, rieden de jongens harren stellen auto dêr midden op de rotonde stikken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)