Wapens F16 's noch net brûkt

© Omrop Fryslân
Sa'n hûndert militêren fan de fleanbasis Ljouwert sitte al wer hast 5 moanne yn Afghanistan om dêr te helpen by it hanthavenjen fan de feiligens. It Fryske detasjemint waard medio oktober ôflost troch kollega's út - ek - Ljouwert. Luitenant-kolonel Wido van der Mast naam doe it befel oer.
De F16's jouwe stipe oan ISAF-troepen op 'e grûn. Oant no ta wie it net nedich om de wapens dy't in F16 oan board hat, te brûken.