Dryltser oppakt foar bedriging

17 mrt 2012 - 15:01

De plysje hat freedtejûn in 55-jierrige man út Drylts oppakt foar besykjen ta deaslach en bedriging. In 17-jierrige jonge út Drylts melde by de plysje dat er achternei sitten waard troch syn buorman en syn 24-jierrige soan. Se soene besocht hawwe him oan te riden mei in auto en him dêrnei skopt en slein ha. Dêrby foel de jonge en rekke er ferwûne oan syn pols.

Yntusken hie de jonge syn 46-jierrige heit warskôge. Se waarden bedrige troch de beide fertochten. Dêrnei naaiden se hurd út. De buorman koe yn syn wenning oanholden wurde.

De 24-jierrige soan moast him sneon op it buro melde.

Trefwurden: 
Drylts bedriging
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)