Grutte fjoerwurkfangst by Wier

09 des 2005 - 06:18
Foto: Omrop Fryslân

De plysje hat woansdei yn in loads by Wier by Berltsum in grutte fjoerwurkfangst dien. Dêr lei 3500 kilo fjoerwurk mei in strjitwearde fan 225 tûzen euro.

It is de twad-grutste fjoerwurkfynst yn trije wiken tiid yn Fryslân. Lêst waard yn Easterwâlde al 5 tûzen kilo fjoerwurk yn beslach nommen. De plysje kaam de saak op it spoar nei in tip. Yn de loads leine ek noch goed in miljoen falske sigaretten.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)