Excelsior-Cambuur: 4-0

© Omrop Fryslân
Cambuur Ljouwert ferlear freedtejûn mei 4-0 fan koprinner Excelsior. Lennart Krijger krige al yn de 22ste minút in reade kaart nei in oertreding yn it eigen strafskopgebiet. De penalty waard benut troch Hertog. Koen Brack skoarde noch yn eigen goal en fia Holman en Otten waard de einstân 4-0.
Cambuur stiet no op it santjinde plak mei 18 punten út 21 wedstriden. Moandeitejûn spilet Cambuur út tsjin FC Den Bosch.