AZC Appelskea wer iepen

© Omrop Fryslân
It asylsikerssintrum yn Appelskea giet wer iepen. Dat ha de gemeente en it COA besletten. Der kinne 500 minsken opheind wurde yn Appelskea. Yn it azc komme sawol asylsikers dy't yn in earste oanfraachproseduere sitte, as asylsikers dy't in twadde proseduere ôfwachtsje. No is it noch sa dat dy twadde groep faak op strjitte bedarret.
De opfang yn Appelskea bliuwt yn alle gefallen oant 1 jannewaris 2007 iepen.