De Riepe hat konkurrinsje

08 des 2005 - 17:27

Dakleazekrante De Riepe hat op 'e nij lest fan in yllegale konkurrint. It giet om it Belgyske blêd Daklozenwoord, dat ek twa jier lyn foar in soad argewaasje soarge. It blêd docht him foar as in folslein dakleazeblêd, mar is dat neffens de offisjele dakleazekranten net.

Yn de krante soe ferkearde ynformaasje stean oer dakleazen en ek stiet der gjin organisaasje achter dy't dakleazen stipet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)