Dongeradiel: gau beslút wynmûnen

08 des 2005 - 17:22

De polityk yn Dongeradiel moat gau in beslút nimme oer de fjouwer megawynmûnen yn de gemeente. It beslút moat noch foar de kommende gemeenteriedsferkiezings falle. Dat fine CDA, Kristenuny en Algemien Belang Dongeradiel.

De gemeente moat ek sa gau mooglik bekendmeitsje wat de foarkarslokaasje en wat de alternative plakken binne. De fjouwer 120 meter hege turbines ferfange de 23 allinnichsteande mûnen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)