Undersyk nei ljipaaisykjen

© Omrop Fryslân
De Universiteit fan Leiden sil ûndersyk dwaan nei de gefolgen fan it Ljipaaisykjen yn Fryslân. De provinsje, de fûgelbeskermingswacht, it BFVW en Boer en Natoer ha dat ôfpraat. Woansdei bepaalde de Raad van State dat de fergunning foar it ljipaaisykjen terjochte skorst is.
De útkomsten fan it ûndersyk moatte foar 1 maart 2006 klear wêze. Dan wol de provinsje it BFVW wer in nije ûntheffing jaan foar it aaisykjen.