Sjongfestival nei Östersund

© Omrop Fryslân
Liet Ynternasjonaal, it sjongfestival foar taalminderheden, is takom jier op sneon 14 oktober yn Östersund yn Sweedsk Laplân. It is dan foar de fjirde kear dat it festival hâlden wurdt. De earste trije kear wie yn Ljouwert. It festival giet no nei Laplân, omdat de Sámi it festival de lêste twa kear wûn hawwe. Yn Sweden hjit it festival Liet-Lavlut.
De Marsumer rockploech Van Wieren sil Fryslân yn Östersund fertsjintwurdigje.