Man sûnder rydbewiis oanhâlden

08 des 2005 - 11:49

De plysje fan Ljouwert hat woansdeitejûn in soad muoite dien om in 18-jierrige autobestjoerder oan te hâlden. De jongeman negearre in stopteken, warskôgingsljochten en tuter-sinjalen.

Op de Troelstrawei waard er oanhâlden foar in stopljocht. Bliken die dat de jongeman sûnder rydbewiis ried. Omdat it al de 4e kear wie dat er dat die, is er oanhâlden troch de plysje. De jongeman hie boppedat te folle drank op.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)