Marabû fongen yn Sânhuzen

© Omrop Fryslân
Yn Sânhuzen is in marabû fongen. De maraboe is in grutte fûgel fan 1,5 meter grut dy't eins thúsheart yn Afrika. Yn oktober waard der in marabû op yndustryterrein A7 by Drachten sinjaleard. Earder waard der in marabû yn Wijster yn Drinte sjoen. It is net te sizzen oft it om itselde bist giet.
De fûgel soe dizze simmer ûntsnapt wêze út Diergaarde Blijdorp yn Rotterdam. It bist bedarre by Sânhuzen dêr't er him yn libben hold mei slachtôffal.