Bijl Coach Betelle Fuotbal

08 des 2005 - 11:22

Pieter Bijl en Hans de Jong ha woansdei yn Zeist it diploma 'Coach Betelle Fuotbal' krigen. Pieter Bijl is op dit stuit trener fan sneonshaadklasser Harkemase Boys, Hans de Jong is jeugdtrener by de Sportklub Hearrenfean.

Der wiene noch fyftjin kursisten dy't it heechste fuotbaltrenersdiploma krigen. Aron Winter, Stanley Menzo, Gerald Vanenburg en Joop Gall wiene dêr ek by.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)