Andriesen hoopfol nei útspraak

© Omrop Fryslân
Deputearre Andriesen is bliid mei de útspraak fan de Raad van State oer it ljipaaisykjen. Neffens Andriesen jout dy iepeningen om it aaisykjen takom jier wer mooglik te meitsjen.
De betingsten foar tastimming foar it aaisykjen binne net neffens Europeeske regels. Dy jouwe oan dat in beheind tal minsken in beheind tal aaien meinimme mei. Yn Fryslân kin op dit stuit elkenien in aaisikerskaart oanfreegje. De provinsje lit no de saken útsykje.