Gruttere kâns op boete yn natuer

08 des 2005 - 10:22

De kâns dat streupers, fersmoargers of oare oertreders in boete krije yn de natuer wurdt flink grutter. Dat komt omdat der bettere ôfspraken makke binne tusken ûnder oaren de plysje, de provinsje, de AID en natuerorganisaasjes.

Mei-elkoar 7 ynstânsjes hawwe woansdei op it Hearrenfean har hanteken setten ûnder dizze ôfspraken. Yn it Abe Lenstrastadion wurde in fakdei hâlden oer kontroles yn de natuer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)