Net mear aaisykje
It is foarearst gebeurd mei it ljipaaisykjen yn Fryslân. Dat hat de Raad van State woansdei bepaald. Neffens de Raad van State kin der allinne ûntheffing foar it ljipaaisykjen jûn wurde at in lyts oantal minsken, in beheind oantal aaien siket.
It CDA-Twadde Keamerlid Joop Atsma wol woansdeitemiddei in reaksje fan minister Veerman fan Natuer op de útspraak fan de Raad van State.